Douwe Kootstra oer it libben fan de boer, dichter en skilder Gerben Rypma

 

In hiel bysûnder man, dat wie Gerben Rypma (1878-1963). De Einzelgänger en boerefeint út it lege lân om de Aldegeaster Brekken hinne krige yn Fryslân bekendheid as skilder en folksdichter. Hy tekene, as autodidakt, op masterlike wize portretten, bisten en lânskippen. As folksdichter besong er jierrenlang foaral it gea wêr’t er libbe.

 

En hy betocht mar leafst 453 ‘siedkerlen’, selsbetochte sprekwurden dêr’t út bliken docht dat de as heremyt libjende Rypma in skerp each hie foar de natoer en de minske.

 

Ferteller en skriuwer Douwe Kootstra bringt yn in programma fan sa likernôch in oere op meinimmende wize de libbensfeiten fan dy singeliere keunstner út de wide, ûneinige flakte achter Greonterp. Hy wikselt it libbensferhaal ôf mei sitaten út Rypma’s gedichten, syn sprekwurden en in tal bypassende, koarte folksferhalen.

 

Lezing over Gerben Rypma

Datum:                zondag 24 september

Tijdstip:               15.30 uur tot 16.30 uur

Aantal pers.:      max. 80 personen

Prijs:                     8 euro, dit is inclusief toegang tot het museum                                en de expositie 'de Schilders van het Friese land' 

                            (gratis voor Vrienden van het museum)

Door:                   Douwe Kootstra

 

Graag aanmelden via onderstaande knop (selecteer de juiste datum en ga naar Lezing over Gerben Rypma) 

 

 

Yn de eksposysje 'de schilders van het Friese land' hinget wurk fan Gerben Rypma. Foarôfgeand oan de lêzing is it mooglik om dizze eksposysje te besjen. Der hingje omtrint 100 skilderijen fan ferskate skilders.